Wimke_Jans_Buursma_1872-1951_Martsje_de_Jager_1892

Bronverwijzing

  1. Facebook
      • Datum: 16 februari 2022
      • Pagina: Ald Oerterp
      • Afschrift:

        Rikele HollemaAld Oerterp
        1u ·
        Wimke Jans Buursma (berne op 25 septimber 1872 yn Oerterp, stoarn op 18 maart 1951 yn Oerterp) mei har dochterke Martsje de Jager (berne 18 jannewaris 1892, Drachten). Wimke wie in dochter fan Jan Tseards Buursma en Trijntje Jans de Vries. Dizze foto waard makke yn 1892 troch fotograaf R. Lammers yn Drachten. Wimke har mem libbe doe al net mear. Har heit naam it beslút om te emigrearjen nei Amearika. Op 1 april 1892 gie er fuort en naam op de twa âldste dochters nei alle bern mei. De twa âldste dochters wiene al troud, dêrom bleaunen se hjir. Dizze foto fan Wimke en har dochterke sil makke wêze foar heit om mei te nimmen nei Amearika. Sadat er Wimke altyd by him hie. Letter wie de foto fan Wimke har broer Tseard. Hy skreau der mei in potlead achterop: 'April 1, 1948 will be 56 years the last time we seen her".

Verwijzingen

  1. Buursma, Wimke Jans